Frysk | Nederlands | English | Deutsch | Seelterfraïsk | Frasch

 


Wolkom by de stifting Fryske Klub Ljouwert mei de aktiviteiten organisaasjes Eftrije yn Ljouwert!
Frysk hûs : 'de Bres'De Stifting Fryske Klub Ljouwert is in nije organisaasje yn Ljouwert. It doel fan dizze organisaasje is om in gebou te hawwen dat in sintrum wurde moat foar de Fryske taal en kultuer. Wy as oprjochters fine dat Ljouwert as haadstêd fan Frysln sa'n plak takomt. En wy net allinnich.

Eftrije "De Bres" yn it koart
Wy hawwe no it Frysk Hûs yn 'e binnenstêd fan Ljouwert dêr't noflike soas- en kulturele jûnen plakfine sille fan oktober 2006 ôf. Dat is it Frysk hûs "de Bres" yn de Skoallestrjitte efter stedsskouboarch de Harmonie. De Bres sil ek as debatsintrum brûkt wurde.

In ynformeel trefpunt
Dit pân "De Bres" is yn de binnenstêd fan Ljouwert en hat in soad mooglikheden yn him. Der is in gearkomste- en kantoorromte en in seal mei in breed ynsetber gebrûk. Dat gebou moat in ynformeel moetingsplak wurde foar tal fan Fryske kultuer-ynstellings. It moat in útfalsbasis wêze foar aktiviteiten dy"t in leechdrompelich karakter hawwe. Troch meielkoar yn ien pân te sitten en dêr de aktiviteiten te hâlden wurdt de werkenberheid grutter, kinne beskate fasiliteiten dield wurde en kinne de kosten leech holden wurde. Mei it op te setten netwurk fan in "Frysk Ferbân" kinne ferskate aktiviteiten opsetten wurden.
 

We neame bygelyks :

 

  • poadium foar optredens fan Fryske (of oare minderheidstalen)bands en artysten
  • lêzings, diskusjejûnen en polityk kafee
  • biblioteek mei Fryske en (multy-)kulturele blêden, boeken en kranten
  • ûntfangstromte foar ynternasjonale gasten
  • broeinêst en briedplak foar Fryske en kulturele organisaasjes
  • toaniel en teater
  • romte jaan foar koarte eksposysjes fan Fryske én allochtoane keunstners
  • multykulturele feesten
  • brânpunt fan hjoeddeistige Fryske yntellektuele diskusje.
De measte aktiviteiten sille foar in breder publyk tagonklik wêze wêrmei?t de doelstelling om ta in breder draachflak te kommen realisearre wurdt.

It Frysk hûs is realiteit!!!

Folje it antwurdformulier yn, doch mei en wurd stiper!

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei:

  • Sybren S. Posthumus (+31) (0)58 2884700
  • Cor Jonkman (+31) (0)515 520955

     

  • Fax: (+31) (0)58 2138913
  • Email: info@fryskeklub.net
  • Seal ûnder breed ynsetber foar ferskate saken

    Eftrije

    Ferskate organisaasjes wolle graach meielkoar gearwurkje en nije projekten opsette. De Fryske Klub Ljouwert fasilitearet mei it op te setten netwurk fan "Eftrije" sadat der ferskate aktiviteiten opsetten wurden kinne.

    Der binne ferskate organisaasjes dy"t oanjûn hawwe dêr gebrûk fan te meitsjen.

    Eftrije start it seizoen en wol jim graach útnoegje om op

    Freed 6 oktober 2006 om 19.30 oere

    It iepenjen troch de kultuer wethâldster Y. Bleize fan kulturele seizoen fan " De Bres/Eftrije" by te wenjen

     

    Skoallestrjitte 4 yn Ljouwert (efter stedsskouboarch de Harmonie)

     
    Program:
     
    Der sille yn elts gefal koarte presintaasjes wêze fan organisaasjes dy"t gebrûk meitsje fan it pân " De Bres/Eftrije" en harren aktiviteiten organisearje yn de Bres
     
     Dit binne û.o:

     

    • Jongerein organisaasje FYK dy"t ynternasjonale útwiksel dogge

       

    • Jonge dichters stifting Doar mei literaire byienkomsten.

       

    • Marius de Boer dy"t syn muzikale jûnenha sil eltse moanne yn de Bres

       

    • Tonielfoarstellings lyk as Sater


    Eftrije | Omrop Fryslân | Digitale Regio Fryslân | Fryslân Link

    eLandnet | Synergia | FYK | Stifting Pjutteboartersplak